Frysk - Ynformaasje Nederlands Deutsch - Informationen English - Information

Parkearje en iepenbier ferfier

parkeren_frl

Dokk’em Iepen Loft 2019 fynt plak op it evenemintenterrein by it Tolhúspark oan ‘e Parkleane yn Dokkum. Yn dyn navigaasjeapparatuer kinsto de postkoade ‘9101 BG’ ynfiere.

Parkear allinnich dêr wêr’t it tastien is en folgje altyd de ynstruksjes fan ‘e meiwurkers. Fan it parkearplak ôf is it likernôch 10-20 minuten rinne nei de yntree.

Dokkum is goed berikber mei it iepenbier ferfier. Tsjek altyd 9292.nl foar dyn meast aktuele reisskema. De lêste bussen fan Dokkum ôf fertrekke rûn 23:00/ 23.30 oere.

  • Bushalte: Plysjeburo, Dokkum.
  • Fan it treinstasjon Ljouwert ôf: snelbus 355 rjochting Dokkum
  • Mei de trein út Grins wei en mei de bus fan Feanwâlden ôf: line 55 of 155 rjochting Dokkum
  • Ut de doarpen rûnom Dokkum wei: nim de Arriva-Opstapper-bus, reservearje is ferplicht.

Treinreizigers út de rjochting Grins wei wurdt advisearre om ‘e stoptrein te nimmen, út te stappen yn Feanwâlden en dêr de bus nei Dokkum te nimmen.

Foto Jan-Sjoerd Geertsma 2014-666