Frysk - Ynformaasje Nederlands Deutsch - Informationen English - Information

Hûsregels

huisregels_frl

algemeen_frl parkeren_frl camping_frl
toegang_frl huisregels_frl dokkum

Dokk’em Iepen Loft is in festival dat makke wurdt foar en troch metalleafhawwers. Mear as 130 frijwilligers wurkje harren twa dagen in slach yn ‘e rûnte om spesjaal foar dy lekkere bierkes te tappen, patat te bakken en bands op ‘e tiid spylje te litten. Wês aardich foar elkoar en meitsje der in gesellich feest fan mei inoar!

Hasto nei oanlieding fan ûndersteande húsrigels noch fragen, nim dan kontakt mei ús op fia pr@dokkemopenair.nl of stjoer ús in berjochtsje op facebook, instagram of twitter.

De organisaasje van Dokk’em Iepen Loft docht har uterste bêst om de bêste metalbands fan ‘e wrâld nei Dokkum te heljen. As ien fan ‘e bands, om wat foar reden dan ek, ôfseit, dan kin spitigernôch gjin jild werom jûn wurde.

FESTIVAL

  • Bisto noch gjin 18? Dan krijsto gjin alkohol. Punt út.
  • Gjin tagong ûnder 12 jier. Tot 16 jier allinnich tagong mei in tûke 18-plusser.
  • Wapens en skerpe foarwerpen (glês, blik, metaal) binne ferbean.
  • Drugs binne net tastien (in lytse brûkershoemannichte sêftdrugs is wol tastien). Harddrugs binne ferbean yn Nederlân. By oertreding wurdt de yntree ta it festival ûntsein en de plysje ynskeakele.
  • Wês sunich op de earen (brûk eardopkes) en let op ‘e waarsomstannichheden. Drink by waarm waar foldwaande wetter. Paraplu’s binne net tastien op it festivalterrein.
  • Hûsdieren hearre net thús op in drok festival en binne net tastien.
  • By gedoch wurdt de plysje ynskeakele.

Kamping regels

  • Tink om elkoar en elkoars auto. Ryd foarsichtich en foaral alkoholfrij.
  • Parkear allinnich dêr wêr’t it tastien is en folgje altyd de ynstruksjes fan ‘e meiwurkers.
  • Auto’s moatte op it parkearterrein stean, ek nei it ôfleverjen fan de karavan.
  • Lytse aggregaten binne tastien.
  • Nim gjin glês, wapens en oare gefaarlike foarwerpen mei nei de kamping.
  • Eigen bier en iten is tastien: it maksimale oantal blikken bier per persoan is 12 stiks.
  • Tink om it miljeu en om de lytse bern dy’t in wike letter wer yn it park boartsje: lit gjin ôffal slingerje.
  • Hâld rekken mei dyn buorlju op ‘e kamping en de omwennenden fan it park.
  • Stifting Dokk’em Iepen Loft is net oanspraaklik foar skea oan/ ferlies fan dyn besittingen.