Frysk - Ynformaasje Nederlands Deutsch - Informationen English - Information

Tagonklikens

werom >>

toegang_frl

Dokk’em is in iepenloftfestival yn in park. Wy dogge ús bêst om it festival sa tagonklik as mooglik te meitsjen foar eltsenien. It park hat foar in part ferhurde paadsjes, mar tink der goed om dat it terrein net oeral ferhurde is.

It sprekt fansels dat der in spesjale wc foar minderfaliden is. Ek is der op dizze lokaasje wer in spesjaal rolstoelpoadium. Sitplakken binne der genôch yn ‘e Biergarten.

Hasto fragen oer bygelyks de yntree foar minderfaliden of it meibringen fan medikaasje? Nim dan kontakt mei ús op fia pr@dokkemopenair.nl. Wy helpje dy graach.

Ynformaasje oer parkearplakken foar minderfaliden krije wy pas yn ‘e rin fan ‘e tiid: sadree’t wy it witte, meitsje wy it bekend fia de webside, sosjale media en nijsbrieven.

DOA-2015 - foto JanSjoerdGeertsma
DOA2014-dag2-foto Jan-Sjoerd Geertsma

werom >>