Frysk - Ynformaasje Nederlands Deutsch - Informationen English - Information

It festival

werom >>

algemeen_frl
  • Dokk’em Iepen Loft
    Festivalterrein:
    Parkleane, 9103 SP
    Dokkum, Fryslân, Nederlân

Dokk’em Iepen Loft 2019 fynt plak op it evenemintenterrein by it Tolhúspark oan ‘e Parkleane yn Dokkum. Yn dyn navigaasjeapparatuer kinst de postkoade ‘9103 SP’ ynfiere.

Parkear allinnich dêr wêr’t it tastien is en folgje altyd de ynstruksjes fan ‘e meiwurkers. De camping is njonken it festivalterrein. Fan de bushalte ‘Dokkum-Polysjeburo’ ôf is it likernôch 3 minuten rinne nei de festivallokaasje.

DOA op Google Maps

ITEN EN DRINKEN

Op Dokk’em Iepen Loft kinsto de ynderlike minsk traktearje op ferskate snacks, maaltydmenu’s en fega-happen. Wy dogge ús úterste bêst om safolle mooglik rekkening te hâlden mei jim winsken.

Dyn iten en drinken betellest op it festivalterrein mei muntsjes. Do kinst dyn muntsjes (en yntreekaarten) betelje mei kontant jild of mei de pinpas. Fansels kinst op ‘e metalmarket ek oeral betelje mei dyn pinpas.

Oplette, bûke!

Wy meitsje gebrûk fan staasjejildbekers, omdat wy omtinken hawwe foar it miljeu en net oer rommel op ’e grûn kinne. 

De bekers kostje 1 muntsje it stik. By it bestellen fan ien drankje, betellest ien muntsje ekstra foar de beker. Asto wer in drankje keapest, leverest dy beker wer yn, sadatsto net nochris in beker hoechst te ‘keapjen’. 

En wat kinst dan mei sa’n lege beker oan ’e ein fan it festival?

  • Meinimme nei hûs (benammen de spesjale Dokk’em Open Air-eksimplaren binne hiel moai);
  • Ynleverje by in bar foar in saneamd Beker-muntsje (dan hoechst net de hiele tiid mei in beker om te sjouwen);
  • Ynleverje by de munteferkeap (dan krijst €2,50 werom);
  • Oan dyn buorman/ buorfrou jaan en freegje oft dy noch in bierke foar dy helje wol.
DOA-2015 - foto JanSjoerdGeertsma

werom >>