Frysk - Ynformaasje Nederlands Deutsch - Informationen English - Information

Nieuwsbrief

Ynformaasje 2019

| Lokaasje | Parkearje | Iepenbier Ferfier |
| Tiden | Iten & Drinken | Minderfaliden |
Oernachtsje & Camping | Húsrigels |


 

Lokaasje

Dokk’em Iepen Loft 2019 fynt plak op it evenemintenterrein by it Tolhúspark oan ‘e Parkleane yn Dokkum. Yn dyn navigaasjeapparatuer kinsto de postkoade ‘9101 BG’ ynfiere. Parkear allinnich dêr wêr’t it tastien is en folgje altyd de ynstruksjes fan ‘e meiwurkers. De camping is njonken it festivalterrein. Fan de bushalte ‘Dokkum-Polysjeburo’ ôf is it likernôch 3 minuten rinne nei de festivallokaasje.

Alle ynformaasje oer it kampearjen, parkearjen en de camperplakken folget ynkoarten.

DOA op Google Maps

DOA 2015 - foto JanSjoerdGeertsma


 

Iepenbier ferfier

Dokkum is goed berikber mei it iepenbier ferfier. Tsjek altyd 9292ov.nl foar dyn meast aktuele reisskema. De lêste bussen fan Dokkum ôf fertrekke rûn 23:00/ 23.30 oere.

    • Bushalte: Polysjeburo, Dokkum.
    • Fan it treinstasjon Ljouwert ôf: line 50 rjochting Dokkum
    • Fan it treinstasjon Grins/Feanwâlden ôf: line 53 rjochting Dokkum
    • Ut de doarpen rûnom Dokkum wei: nim de Arriva-Opstapper-bus, reservearje is ferplicht.

Treinreizigers út de rjochting Grins wei wurdt advisearre om ‘e stoptrein te nimmen, út te stappen yn Feanwâlden en dêr de bus nei Dokkum te nimmen.

DOA-2015 - foto JanSjoerdGeertsma


 

Iten en Drinken

Op Dokk’em Iepen Loft kinsto de ynderlike minsk traktearje op ferskate snacks, maaltydmenu’s en vega-happen. Wy dogge ús úterste bêst om safolle mooglik rekkening te hâlden mei jim winsken.
Dyn iten en drinken betellesto op it festivalterrein mei muntsjes. Do kinst dyn muntsjes (en yntreekaarten) betelje mei kontant jild of mei de pinpas. Fansels kinsto op ‘e metalmarket ek oeral betelje mei dyn pinpas.

DOA-2015 - foto JanSjoerdGeertsma


 

Minderfaliden

Dokk’em is in iepenloftfestival yn in park. Wy dogge ús bêst om it festival sa tagonklik as mooglik te meitsjen foar eltsenien. It sprekt fansels dat der in spesjale wc foar minderfaliden is. Wy besykje om ek op dizze nije lokaasje wer in spesjaal rolstoelpoadium te realisearjen. Der binne meastal wol genôch sitplakken yn ‘e Biergarten.

It park hat foar in part ferhurde paadsjes, mar tink der goed om dat it terrein net oeral ferhurde is.

Hasto fragen oer bygelyks de yntree foar minderfaliden of it meibringen fan medikaasje? Nim dan kontakt mei ús op fia pr@dokkemopenair.nl

DOA-2015 - foto JanSjoerdGeertsma


 

Huisregels

Dokk’em Iepen Loft is in festival dat makke wurdt foar en troch metalleafhawwers. Tsientallen frijwilligers wurkje harren twa dagen in slach yn ‘e rûnte om spesjaal foar dy lekkere bierkes te tappen, patat te bakken en bands op ‘e tiid spylje te litten. Wês aardich foar elkoar en meitsje der in gezellich feest fan mei inoar!

Hasto nei oanlieding fan ûndersteande húsrigels noch fragen, nim dan kontakt mei ús op fia pr@dokkemopenair.nl of stjoer ús in berjochtsje op facebook of twitter.

 

Festival

  • Bisto noch gjin 18? Dan krijsto gjin alkohol.
  • Gjin tagong ûnder 12 jier. Tot 16 jier allinnich tagong mei in 18plusser.
  • Wapens en skerpe foarwerpen (glês, blik, metaal) binne ferbean.
  • Drugs binne net tastien (in lytse brûkershoemannichte sêftdrugs is wol tastien). Harddrugs binne yn elts gefal ferbean yn Nederlân. By oertreding wurdt de yntree ta it festival ûntsein en de plysje ynskeakele.
  • Wês sunich op dyn earen (brûk eardopkes) en let op ‘e waarsomstannichheden. Drink by waarm waar foldwaande wetter. Paraplu’s binne net tastien op it festivalterrein.
  • Hûsdieren hearre net thús op in drok festival en binne net tastien.
  • By gedoch wurdt de plysje ynskeakele.

De organisaasje van Dokk’em Iepen Loft docht har uterste bêst om de bêste metalbands fan ‘e wrâld nei Dokkum te heljen. As ien fan ‘e bands, om wat foar reden dan ek, ôfseit, dan kin spitigernôch gjin jild werom jûn wurde.

Camping

  • Tink om elkoar en elkoars auto. Ryd foarsichtich en foaral alkoholfrij.
  • Parkear allinnich dêr wêr’t it tastien is en folgje de ynstruksjes fan ‘e meiwurkers.
  • Auto’s moatte op it parkearterrein stean, ek nei it ôfleverjen fan de karavan.
  • Lytse aggregaten binne tastien.
  • Nim gjin glês, wapens en oare gefaarlike foarwerpen mei nei de kamping.
  • Eigen bier en iten is tastien: oantal blikken bier p.p. is 12.
  • Tink om it miljeu en de lyste bern dy’t in wike letter wer yn it park boartsje: lit gjin ôffal slingerje.
  • Hâld rekken mei dyn buorlju op ‘e kamping en de omwenneden fan it park.
  • Stifting Dokk’em Iepen Loft is net oanspraaklik foar skea oan/ ferlies fan dyn besittingen.

 

 

DOA-2015 foto JanSjoerdGeertsma

Dokk'em Open Air 2015 - foto RonaldvdBaan

DOA-20150 foto JanSjoerdGeertsma

DOA-2015 foto JanSjoerdGeertsma

Publiek Dokk'em Open Air 2015 - foto Ronald vd Baan

DOA-2015 foto JanSjoerdGeertsma

DOA15 - foto-ErwinJonkman

DOA-2015 foto JanSjoerdGeertsma

DOA-2015 foto janSjoerdGeertsma

DOA-2015 foto JanSjoerdGeertsma

Publiek Dokk'em Open Air 2015 - foto Ronald vd Baan

DOA15 foto Erwin Jonkman

Publiek Dokk'em Open Air 2015 - foto Ronald vd Baan

DOA-2015 foto JanSjoerdGeertsma

Publiek Dokk'em Open Air 2015 - 10th Anniversary - zaterdag

DOA-2015 foto Jan Sjoerd Geertsma

Highway to Rosie-3807-ErwinJonkman

DOA-2015 foto JanSjoerdGeertsma

(Foto’s, filmpjes en reviews van Dokk’em Open Air vind je bij Historie)